Ynternet Puzel Programma



Mei dit programma kin de entûsjaste puzelder fjouwer
ferskillende soarten puzels oplosse op'e kompjûter.
It programma is (tegearre mei in tal foarbyldpuzels)
fergees fan dizze pagina ôf te downloaden:
download-pagina YPP en PuzelPakket.

De puzelder kin him abonnearje op ferskate
PuzelPakketten, dy't per pakket út tritich ferskillende
puzels bestean.
Dizze PuzelPakketten kinne Jo downloade fia Ynternet.

Jo kinne in abonnemint nimme op ûndersteande PuzelPakket-typen:

1 Mingd pakket: 8 trochrinners, 8 krúswurdpuzels, 8 paspuzels, 8 wurdsikers
2 TR-pakket: 30 trochrinners
3 KR-pakket: 30 krúswurdpuzels
4 PA-pakket: 30 paspuzels
5 WS-pakket: 30 wurdsikers

krúswurdpuzel:


paspuzel


trochrinner


wurdsiker


Yn de moannen septimber oant en mei juny kinne Jo alle moannen
in nij PuzelPakket fan it keazen type downloade.
De abonnemintspriis foar de 10 PuzelPakketten is per jier Euro 25.
Fansels kinne Jo ek op mear as ien PuzelPakket-type in abonnemint nimme.

Jo kinne in abonnemint nimme troch (per PuzelPakket-type) Euro 25
oer te meitsjen op giro 2791004 fan T&O te Grins en der by te skriuwen:
PuzelPakket + nûmer(s), jo adres en jo e-mailadres.
Jo namme en adres op de oerboeking ha wy nedich om Jo registrearje te kinnen as abonnee.
Jo e-mailadres moatte wy brûke om Jo ynformaasje ta te stjoeren
oer de kaaien, dy't Jo brûke moatte om jo PuzelPakket(ten) downloade te kinnen.

It programma is (tegearre mei in tal foarbyldpuzels)
fergees fan dizze pagina ôf te downloaden:
download-pagina YPP en PuzelPakket